Man rydt mei opsetsin oar oan

20 jul 2011 - 10:52

De plysje hat tiisdei in Boalserter oanhâlden om't er mei opset sin in man oanriden hie. Dat wie yn Snits op de Westersingel. De Boalserter ried dêr tsjin it ferkear yn en it slachtoffer gie foar syn auto stean om him tsjin te hâlden.

De Boalserter joech gas en ried troch. De oare man kaam op de motorkap. Doe't de fertochte fierderop remme, foel de Snitser ferwûne op strjitte. Fia it kenteken koe de Boalserter oanhâlden wurde. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)