Mooglik minder bussen ein 2012

20 jul 2011 - 10:02

Yn Fryslân ride oer oardel jier op in soad plakken mooglik minder bussen. Dat sil foaral moarns betiid en jûns let wêze. It busferfier yn it noarden, it súdwesten, yn Ljouwert en op Skiermûntseach moat opnij oanbestege wurde. Om de kosten te beheinen, freget de provinsje yn it basispakket 30 prosint minder ritten fan de nije ferfierder.

Ritten mei minder as 5 passazjiers binne skrast. De provinsje hopet dat ynskriuwers mei in royaler oanbod komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)