Alvestêdeswimmers nei Ljouwert

De swimmers by it alvestêdebrechje
De fiif swimmers fan de alvestêdetocht binne woansdei oan de lêste etappe fan Dokkum nei Ljouwert begûn. De swimmers swimme de meunstertocht foar it goede doel de Stichting "Doe een wens".
Minsken dy't it lêste stik op de Bonkefeart meiswimme wolle, kinne har opjaan fia de webside www.elfstedenzwemtocht.nl. Tsjin in minimale bydrage fan 10 euro kin men it lêste eintsje meibelibje. Der hawwe har al goed 100 minsken opjûn.