Wer winst foar Cambuur

Cambuur bliuwt yn de oefenperioade sûnder ferlies. Tiisdeitejûn wûnen de Ljouwerters yn Súdlaren mei 2-0 fan Veendam. Al yn de earste minút makke Charles Dissels de 1-0. De einstân kaam yn de 74e minút op it skoareboerd. Erik Bakker benutte doe de oan Cambuur takende penalty.
Cambuur hie noch al wat personiele problemen. Mark de Vries wie siik, Marco van der Heide, Sandor van der Heide, Melvin de Leeuw en Bob Schepers blesseard.