Ljouwert siket gjin banen mear

19 jul 2011 - 22:02

As in wurkleaze him meldt by de gemeente Ljouwert wurdt dêr net langer ien op ien in baan foar socht. De gemeente freget tenei mear inisjatyf fan de wurkleaze sels. Dat hat it kolleezje fan b. en w. besletten.

De gemeente sjocht mear yn it helpen fan gruttere groepen yn ien kear. De oanpassing is nedich, omdat der besunige wurde moat op de bystân. It jild dat der noch is, wurdt ynsetten foar de bemiddeling fan heldere groepen en dúdlike doelen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)