Ljouwert fynt fúzje wol best

Ljouwerters meitsje harren net drok oer de fúzje tusken harren gemeente en Boarnsterhim. In ynsprekjûn luts tiisdei mar tweintich minsken. Dy wiene nei de gemeentlike jûn kaam om harren soargen kenber te meitsjen oer de finansjele risiko's dy't Ljouwert rint troch Boarnsterhim oer te nimmen.
Ek it behear fan de Alde Feanen is in punt fan soarch: wettersporters wolle dat de Alde Feanen aanst diel fan Ljouwert wurde, omdat de measte gebrûkers út de nije gemeente weikomme.