Soad nije orgaandonoaren

Troch in proef mei in oare oanpak yn sikehuzen yn it Noarden is it tal orgaandonoaren bot omheech gien. Sei foar de proef 60% fan de neibesteanden noch 'nee' tsjin orgaandonaasje, no is dat noch mar 30%. Dit resultaat is û.o. berikt troch medysk personiel gesprekstechniken oan te learen, sadat se neibesteanden better oertsjûgje kinne fan it nut fan orgaandonaasje.
Neffens ynternist Rik Gerritsen fan sikehûs MCL yn Ljouwert is dizze oanpak geskikt om rûnom ta te passen.