FC Grins hellet Agil Etemadi

19 jul 2011 - 14:12

Agil Etemadi hat in kontrakt tekene foar ien jier by FC Grins. De âld-doelman fan SC Hearrenfean is achter Brian van Loo, Luciano da Silva en Renze Fij de fjirde keeper by de Grinzers.

Etemadi komt út de jeugdoplieding fan Hearrenfean. Tusken 2006 en 2009 siet de Iraanske doelman by de earste seleksje. It ôfrûne seizoen stie Etemadi ûnder kontrakt by Veendam. De 24-jierrige doelman wie transferfrij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)