Rekonstruksje moard Snits

19 jul 2011 - 12:25

In part fan it sintrum yn Snits is tiisdei ôfsletten foar opnamen fan Opsporing Verzocht. Der is in rekonstrukjes makke fan de poging ta moard mei in bile op 2 july. In 41-jierrige man út Eindhoven is doe op de Wijde Noorderhorne troch in man oanfallen mei in bile. De Brabanner koe de klap mei de bile foar in part ôfweare, mar rûn wol in djippe snijwûne yn 'e earm op.

De plysje besiket fia Opsporing Verzocht de fertochte te achterheljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)