Konkoers Sint Anne ôflast

It konkoers hippyk fan Sint Anne giet it kommend wykein net troch. It terrein is troch alle reinwetter te wiet om de wedstriid feilich hâlde te kinnen. It evenemint soe foar de 40e kear hâlden wurde. It ôflassen betsjut foar de riders dat se in wedstriid minder hawwe foar de kompetysje. De finale fan dy kompetysje is op 6 augustus yn Riis.
It net trochgean fan de edysje fan dit jier betsjut in flinke finansjele strop foar de organisaasje.