Twa himpkwekerijen oprôle

De plysje hat moandei yn Lúkswâld en Damwâld twa himpkwekerijen oprôle. Dêr stiene mei-elkoar 1800 planten. Moarns waard de kwekerij oan de Wyngaerden yn Lúkswâld oprôle. Yn ferbân mei dizze kwekerij binne middeis in man út Almere en ien út Hilversum oanhâlden. Se sitte fêst en de plysje slút net út dat der noch mear arrestaasjes folgje.
Middeis waard yn in skuorre achter in hûs oan de Frijsted yn Damwâld in himpkwekerij mei 1200 planten oprôle. Dêr waard noch net ien oanhâlden.