Rypsters stelle berch koper

19 jul 2011 - 10:15

Yn Dronryp binne twa ynwenners fan dat doarp oanhâlden omdat se derfan fertocht wurde dat se ein juny tusken de 1000 en 1500 kilo koper stellen ha. Dat wie by in fabryk oan It Heech yn Dronryp.

Nei spoare-ûndersyk en petearen mei tsjûgen kaam de plysje de fertochten op it spoar. Ien fan har waard tongersdei oppakt, de oare man moandeitemoarn. De twa sitte fêst en de plysje slút mear oanhâldingen net út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)