Maaltijdservice nei Drachten

18 jul 2011 - 20:31

Op it yndustrieterrein A7-Noard by Drachten is maaltijdservice Noard úteinset mei nijbou. It bedriuw makket iten foar ûnder oare de âlderein en handikapten. Yn de nije keuken kin yn de takomst foar 20.000 minsken iten klear makke wurde.

No sit it bedriuw noch yn Menaam der't it yn 1969 oprjochte waard. Om't der hieltyd mear klanten bykomme yn Grinslân en Drinte is der socht nei in sintrale lokaasje. Op it suit wurkje der 150 minsken by it bedriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)