Nij bestjoer foar Barradiel

18 jul 2011 - 20:12

Rekreaasjesintrum Barradiel yn Tsjummearum hat in nije belangeferiening. De eigners fan kavels op it fakânsjepark hawwe it stokje oernommen fan it oergongsbestjoer. It nije bestjoer wol it park wer op de kaart sette. Se wolle it park wer oantreklik meitsje yn oerlis mei gemeente en doarp.

De ôfrûne jierren kaam it park gauris yn it nijs yn ferbân mei it sluten fan it swimbad en ferskate fernielings op it park.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)