Run op fakânsjes nei de sinne

18 jul 2011 - 20:00

Der is in run op fakânsjes nei de sinne. Lannen as Frankryk, Italië en Kroäsië binne yn trek. Nije wike hawwe alle skoalbern yn it noarden fan it lân frij en in soad minsken doarre it net oan om in camping yn Nederlân te boeken. Se boeke massaal in last minute nei in waarm lân.

De fraach by de ANWB is sa grut dat guon wegekaarten al útferkocht binne. Wat it fleanen oanbelanget binne der noch genôch stuollen beskikber op de fluchten nei de waarmte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)