Antal vd Duim ferliest finale

18 jul 2011 - 15:11

Tennisser Antal van der Duim is der moandei net yn slagge om it future toernoai fan Saint-Gervais yn Frankryk te winnen. Yn de finale ferlear Van der Duim yn trije sets fan de as earste pleatste Frânsman Gregoire Burquier. De setstannen wienen 3-6, 7-5 en 6-2. Burquier stiet op nûmer 226 op de wâaldranglist, goed 200 plakken heger as Van der Duim.

De finale wie fanwege it minne waar in dei útsteld. Van der Duim wûn sneon wol de finale fan it dûbelspul.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)