Auto stellen en stript

18 jul 2011 - 10:55

De plysje ûndersiket de stellerij fan in auto fan in 39-jierrige Ljouwerter. Dy stie by in bedriuw oan de James Wattstrjitte. Sneon stie de auto der noch, snein wie er ynienen fuort. De plysje fûn de auto werom op in parkearterrein oan de Avondsterwei.

De auto wie foar in grut part stript. De stoelsittingen wiene derút helle en ek de koplampen, spegels en rutewiskers wiene fuort. De auto is yn beslach naam foar spoare-ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)