Auto tsjin beam, 3 ferwûnen

18 jul 2011 - 10:37

By in ûngelok op de Beetsterdyk yn Aldeboarn binne snein trije minsken ferwûne rekke, ûnder wa twa bern. In 46-jierrige frou út Grins hie har auto net mear ûnder kontrôle, rekke yn de berm en botste tsjin in beam.

De frou en har beide bern fan 6 en 13 jier rekken ferwûne en binne mei de ambulânse nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)