Parfum by drogist stellen
By in ynbraak yn de Trekpleister oan it Cambuurplein yn Ljouwert is sneintenacht foar tûzenen euro's oan parfum stellen. De dieders kamen deryn troch in rút stikken te meitsjen.
It is de fjirde kear yn koarte tiid dat ynbrutsen is yn de winkel. Alle kearen waard parfum meinommen.