Man stekt mei skroevedraaier

De plysje hat snein in 40-jierrige Ljouwerter oanholden foar besykjen ta deaslach. In 50-jierrige stedsgenoat wie oan it wurk by in wenning yn de Pelikaanstrjitte. De fertochte kaam oanrinnen en beide manlju krigen spul mei elkoar.
De 40-jierrige stuts syn stedsgenoat meardere kearen mei in skroevedraaier. Hy besocht it slachtoffer ek noch mei in mes te stekken, mar dat mislearre. Dêrnei naaide er út. De man koe úteinlik yn it sikehûs oanholden wurde.