Swannen pear wiken útfanhûs

17 jul 2011 - 17:40

De goed 90 knobbelswannen dy't yn Amsterdam fersmoarge rekken, moatte in tal wiken yn de Fûgelpits bliuwe.

De swannen sitte sûnt dit wykein yn it opfangsintrum yn Moddergat, mar moatte earst ta rêst komme foar't se wosken wurde kinne. De swannen sieten yn it westlik havengebiet fan Amsterdam. Dêr driuwt sûnt woansdeitejûn twahundert liter oalje yn de haven. As de swannen skjin binne, geane se werom nei Amsterdam. Winterdeis ferbliuwe de swannen op De Wallen yn de haadstêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)