Van der Duim wint dûbelfinale

17 jul 2011 - 17:11

Tennisser Antal van der Duim hat sneon de dûbelfinale fan in Futuretoernoai yn de Frânske Alpen wûn. Dat die er mei de Yndiër Sharan. Snein soe Van der Duim noch de finale spylje tsjin de earst pleatste Frânsman Burquier, mar dit is ferset fanwege it minne waar. De finale is no moandei.

Van der Duim kin mei winst yn Frankryk yn de top 400 klimme fan de ATP-list fan it wrâldtennis. De âld-ynwenner fan Finkegea wol dit seizoen yn de top 300 einigje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)