Plysje fynt drugs by Harnzer

17 jul 2011 - 13:50

De plysje hat sneon in Harnzer (20) yn syn wenplak oanhâlden om't er drugs by him hie. In plysjeman seach him mei twa oare mannen op strjitte in jointsje smoken. Hy ûndersocht dêrnei de klean fan de fertochte. Dat smiet in blokje hasj, 4 gram amfetamine en in XTC-pil op.

De Harnzer krige in bekeuring. De twa oare mannen hiene softdrugs by har. Dat moasten se ynleverje by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)