Medaljes Foekje by musical

De medaljes fan Foekje Dillema binne te sjen by de foarstelling 'Draaf Foekje Draaf!' Dy foarstelling oer de Fryske atlete is in muzikaal stik mei brassband, koar, perkusje en byld. De medaljes binne lêsten weromjûn oan de neef fan Foekje.
It stik giet freed 9 septimber yn premjêre yn De Harmonie yn Ljouwert. Dêrnei wurdt it noch fjouwer kear opfierd, ûnder oare yn Grins en Amsterdam.