'Gjin ferbân tusken brannen'

It is tafal dat freed brân útbruts yn sawol de stjoermêst fan Hoogersmilde as dy fan IJsselstein. Direkteur Jan Willem Tom fan Novec sei dat tsjin de NOS. Novec is eigner fan beide mêsten. Neffens him is der sprake fan in 'absurde samenloop van omstandigheden'.
De brân yn de mêst yn IJsselstein ûntstie trochdat kabels te hyt waarden. De oarsaak fan de brân yn Hoogersmilde is net bekend. Novec ûndersiket dat noch.