NK 'Sterkste man' yn Fryslân

De striid om de titel "Sterkste man fan Nederlân" wurdt foar it earst sûnt 15 jier wer ris yn Fryslân útfochten. Under de dielnimmers op it Torenplein yn Surhústerfean ek fjouwer Fryske sterke mannen.
Tolve mannen moatte by it kampioenskip sjen litte wa't de sterkste is op ûnderdielen as frachtweinlûke, beamstamtille en stiensjouwe. Ien fan de kânshawwers is de Fries Jan Wagenaar. It is de 25ste kear dat de wedstriid organisearre wurdt.