Sky en Veronica fia Jirnsum

Sky Radio en Veronica by antinne Omrop Fryslân
De radiostjoerders Sky Radio en Radio Veronica moatte fan sneontemiddei ôf op de radio te hearren wêze fia de stjoermêst yn Jirnsum. Meiwurkers fan KPN hawwe de hiele dei dwaande west om alles yn oarder te krijen. De radiostasjons wurde keppele oan de stjoerantinne fan Omrop Fryslân.
Mocht him yn Fryslân op koarte termyn in kalamiteit foardwaan, dan smyt dat gjin problemen op. Sky Radio en Radio Veronica wurde dan wer automatysk fan de antinne ôfhelle.