Himpkwekerij yn De Broek

16 jul 2011 - 13:58

Yn in wenning oan It Noard yn De Broek hat de plysje freed in himpkwekerij ûntmantele. Der stiene 803 himpplanten yn it hûs. Ek waard de stroom ôftape. De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei in anonime tip.

Der binne twa minsken oanhâlden, in 28-jierrige frou út Poalen en in 30-jierrige Dútske man. Planten en apparatuer binne yn beslach naam en ferneatige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)