Froulju mei bern op dievepaad

16 jul 2011 - 13:27

Yn Drachten hat de plysje freed trije froulju oanholden dy't mei twa lytse bern oan it stellen wiene yn winkels. In meiwurkster fan in babysaak seach dat se it ûnderstel fan in buggy ferwikselen; se ruilen har eigen âlde foar in nijen. Yn de buggy lei in lytse poppe.

De meiwurkster warskôge de plysje en dy hold de trije froulju oan. It gie om twa froulju fan 17 en 19 út Almere en in frou fan 30 út Drachten. Se hiene ek noch in lyts jonkje by har.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)