Eigen Fryske útfieringstsjinst

16 jul 2011 - 12:35

Deputearre Johannes Kramer tinkt net dat it nedich is dat Den Haach yngrypt by it optugen fan in regionale útfieringstsjinst. By de gemy-ramp yn Moerdijk die bliken dat gemeentlike helptsjinsten net goed gearwurkje. In regionale útfieringstsjinst moat yn dy situaasje ferbettering bringe.

Fryslân is dwaande mei de oprjochting fan in Fryske útfieringstsjinst foar miljeu en omjouwing (FUMO) en hat mei de measte Fryske gemeenten in yntinsje-oerienkomst tekene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)