VVD komt op foar skouboarch

16 jul 2011 - 11:32

It oanbod fan stedsskouboarch de Harmonie mei net te lijen ha fan de besunigings, fynt de VVD-fraksje yn Ljouwert. De direksje fan de skouboarch seit dat der oankommend seizoen foarstellings skrast wurde moatte as de gemeente syn besunigingsplan trochset.

Dan soe de skouboarch twa dagen yn de wike ticht bliuwe moatte. Dat is net te rymjen mei it stribjen om fan Ljouwert de kulturele haadstêd te meitsjen yn 2018, fynt de VVD.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)