Keningsljeppen giet net troch

16 jul 2011 - 11:08

De tradisjonele Keningsljepperij yn Burgum giet sneontejûn net troch. De organisaasje hat de wedstriid ferpleatst nei kommende moandei om 19.00 oere. It ferwachte minne waar is de reden achter dit beslút. Mei min waar is it foar fierljeppers net mooglik om (feilich) te springen.

De twadde klasse wedstriid dy't sneontemiddei op it programma stiet, giet wol gewoan troch. De twadde klassers beginne om 14.30 mei harren wedstriid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)