Drugskontrôle yn Harns

By in kontrôle freed yn Harns by de fearterminal binne 26 minsken oanhâlden omdat se drugs by har hiene. 15 fan har wiene minderjierrich. Alle passazjiers dy't ôfreizgen nei de eilannen waarden troch speurhûnen kontrolearre.
De aksje wie spesifyk rjochte op toeristen, dy't op de eilannen foar oerlêst soargje troch drugsgebrûk. Plysje en justysje binne fan doel de hiele simmer troch sokke kontrôles te hâlden.