Kampearguod stellen

Yn Lekkum is freedtemoarn betiid in oanhingkarre mei kampearguod stellen. De 53-jierrige eigner hie de oanhingwein folladen en achter syn auto keppele. Doe't er freedtemoarn by syn auto kaam, die bliken dat dat de karre stellen wie. Dat hat nei alle gedachten tusken healwei fiven en sân oere moarns west.
It giet om in brune oanhingkarre mei in ymperiaal derop. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha kontakt op te nimmen.