Radiostjoerders fia Jirnsum

15 jul 2011 - 18:44
Foto: Frank van Dijk

De KPN besiket de radiostjoerders 1, 2 en 4 sneon wer yn de loft te krijen. Dat sil dien wurde fia de stjoermêst yn Jirnsum. De stjoerders binne, krekt as in grut tal oaren sûnt freedtemiddei net mear te hearren, trochdat de stjoermêst yn Hoogersmilde ôfbrutsen is. Dat wie it gefolch fan in brân.

Ek in tal tv-stjoerders docht it op it stuit net, omdat se fia Digitenne trochjûn waarden, ek fia Hoogersmilde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)