Drugskontrôle by boaten Harns

15 jul 2011 - 16:50

De Waddenpromenade yn Harns is fan freed ôf 'Veiligheidsrisicogebied'. Dat hâldt dat plysje ek 'oan de klean' op drugs sykje mei. Minsken dy't trappearre wurde, krije fuort in boete. Alden fan minderjierrige dieders wurde op de hichte brocht.

Skylge en Flylân hiene om de drugskontrôles frege. De kontrôles duorje de hiele simmer. Tweintich fakânsjegongers rûnen freed tsjin de lampe. Se moasten minimaal 60 euro boete betelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)