Fryslân moat opsjitte mei RUD

15 jul 2011 - 14:28

Steatssiktaris Atsma grypt yn as it de Fryske gemeenten net slagget om in Regionale Uitvoerings Dienst op te túgjen. Dat moat foar 1 oktober. Oanlieding is de minne gearwurking by de gemeentlike helptsjinsten by de brân yn Moerdijk begjin dit jier.

De Twadde Keamer wol dat elke provinsje gearwurket yn in RUD. De organisaasje dêrfan moast foar 1 july klear wêze. Allinnich de provinsjes Noard-Hollân, Flevolân en Fryslân ha de saak net foar mekoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)