Douwe Amels net yn finale EK

15 jul 2011 - 12:27

It is Douwe Amels op it EK atletyk ûnder 23 jier net slagge him te pleatsen foar de finale fan it heechspringen. Yn de Tsjechyske stêd Ostrava kaam de Drachtster net fierder as 2.08 meter. Foar kwalifikaasje wie 2.11 meter genôch. Mar dy hichte wie Amels te machtich.

De prestaasje fan Amels is in grutte teloarstelling om't er de lêste tiid faak sûnder grutte problemen oer 2.15 meter sprong. Hy hie sels ek mear ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)