Gearwurking Trion en Grontmij

Trion út Kollum hat nei alle gedachten in soad wurk de kommende tiid. De sosjale wurkfoarsjenning sil gearwurkje mei yngenieursbedriuw Grontmij. Doel is dat Trion yn 'e takomst foar personiel soarget en Grontmij foar it wurk.
It giet om wurk yn de oanlis fan en it ûnderhâld fan iepenbier grien yn it noardeasten fan de provinsje. Ek sportfjilden falle hjirûnder.