Man stekt eigen hûs yn brân

15 jul 2011 - 09:47

Oan de Slachtedyk op De Jouwer is freedtemoarn betiid in man fan 51 oanhâlden. Hy hie syn eigen hûs yn de brân stutsen. In buorman warskôge de brânwacht en de plysje. Dy koe ek de man op tiid út syn hûs helje.

De brânwacht hat it fjoer útmakke. De bewenner is meinommen foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)