Fergees ynternet bibleteken

Fergees ynternette bibleteken Súdwest Fryslân
Fan tongersdei ôf hawwe alle bibleteken yn Súdwest Fryslân fergees triedleas ynternet. Dat betsjut dat eltsenien mei in tillefoan of tablet gebrûk meitsje kin fan it ynternet yn de byb. Hjirmei kinne minsken yn de bibleteek wurkje of ynformaasje opsykje.
It makket net út wêr't se dat dogge, it ynternet is oeral yn de bibleteken beskikber. Minsken hoege ek gjin lid te wêzen fan de bibleteek. Ek mei in laptop is ynternette mooglik.