Geiteboeren moatte opsjitte

14 jul 2011 - 21:23

Geitehâlders binne net fluch genôch mei it faksinearjen fan harren bisten tsjin Q-koarts. Dat seit steatssikretaris Henk Bleker. Op it stuit hat noch mar ien op de trije boeren de geiten en skiep yninte, wylst alle bisten foar 1 augustus faksinearre wêze moatte.

Dêrnei sil de nieuwe Voedsel en Waren Autoriteit dit dwaan, op kosten fan de geitehâlder. Foar in bedriuw mei tûzen geiten kinne dizze kosten bygelyks oprinne ta 7.000 euro, sa lit Bleker witte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)