Speak stapt út Academy Noord

14 jul 2011 - 19:10

IT-bedriuw Speak fan It Hearrenfean is út Academy Noord stapt. Speak hat Academy Noord earder dit jier oprjochte mei trije oare bedriuwen. Academy Noord organisearret workshops en seminars oer ynternet en sosjale media foar bedriuwen en organisaasjes.

Foar Academy Noord is in soad belangstelling. Der binne oant no ta sa'n 400 stuollen ferkocht foar in lytse 600 euro. Speak is koartlyn oernommen. De nije direksje fielt net folle foar Academy Noord.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)