Fuotbalje op in golfbaan

14 jul 2011 - 18:46

Yn Aldemardum is tongersdei in nije fuotbalgolfbaan iepene. De baan heart by rekreaasjesintrum De Hege Gerzen yn it doarp. Foppe de Haan die de iepening.

De krusing tusken golf en fuotbal wurdt in soad spile yn Dútslân, Denemarken en Sweden en no dus ek yn Fryslân. In serieuze prestaasjesport wurdt fuotbalgolf net, tinkt Foppe de Haan. Hy sjocht benammen mooglikheden binnen de rekreaasjesektor.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)