Keningswei bliuwt iepen

14 jul 2011 - 16:30

De Keningswei by Feankleaster sil net iensidich ôfsletten wurde foar frachtferkear. De gemeente Kollumerlân woe dat om sa de ieuwenâlde ikebeammen lâns de dyk te beskermjen.

De Keningswei is te smel om twa frachtweinen op itselde momint inoar passearje te litten. De kâns dat soks bart is sa lyts, 1 persint, dat de oanpassing net nedich is. Ek it folslein ôfsluten fan de dyk is gjin opsje. Dat soe foar tefolle oerlêst soargje yn de omlizzende doarpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)