Ien miljoen foar monuminten

14 jul 2011 - 13:57

De provinsje stelt ien miljoen euro beskikber foar de restauraasje fan monuminten. Dat hat kommissaris Jorritsma tongersdei bekendmakke. Der is per projekt 35.000 euro beskikber. Betingst is wol dat gemeente èn ryk meibetelje.

De ien miljoen is foaral bedoeld foar de âlde tsjerken yn ús provinsje. De restauraasje dêrfan is it meast nedich, en kostet ek it meast. Der kin fan 1 septimber ôf op it jild ynskreaun wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)