Akademysk jier begûn op Skier

© Omrop Fryslân
Op Skiermûntseach is tongersdei it akademysk jier fan de Open Universiteit iepene. Twa studinten yn de gemeente binne in stúdzje begûn oan dizze universiteit.
Skiermûntseach wie ien fan de twa gemeenten yn Nederlân dêr't de Open Universiteit noch gjin studinten hie. Dêr is no dus feroaring yn kaam. Dy oare gemeente is Wassenaar en ek dêr hat de universiteit no in studint.