Zeldenrust wer yn gebrûk

14 jul 2011 - 11:39

Nei mear as in jier fan restauraasjewurk is tongersdei de Dokkumer mûne Zeldenrust wer yn gebrûk naam. De iepeningshanneling waard dien troch kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma.

De restauraasje hat al mei al goed 3 ton koste. Under oare de draachbalken yn de top fan de mûne binne ûnder hannen naam. No sneon wurdt der noch in iepen dei organisearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)