Damboekjes foar skoalbern

It Dambûn Frysk spul jout alle Fryske skoalbern yn de groepen 7 en 8 in CD en in boekje oer de sport. Doel is om ek jongeren safier te krijen dat se oan it Frysk damjen slaan.
It bûn hat 24.000 CD's meitsje litten mei dêrop it spultsje kaptein Damhoutsje en in lytse kursus Frysk damjen. It ferskil mei it gewoane damjen is dat by Frysk damjen alle kanten op slein wurde mei en dat jout folle mear mooglikheden. De provinsje hat meibetelle oan it projekt.