Deade pup fûn

14 jul 2011 - 10:30

De plysje siket tsjûgen fan in gefal fan dieremishanneling yn rekreaasjegebiet de Griene Stjer by Ljouwert. De mishanneling hat nei alle gedachten tiisdeitemoarn plakfûn.

Foarbygongers fûnen yn it gers in deade jonge hûn. Ut ûndersyk die bliken dat it bist dea makke wie. De plysje wol graach yn kontakt komme mei minsken dy't wat sjoen hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)